Arjen v.d.Meulen nei Eindhoven

© Omrop Fryslân
Swimmer Arjen van der Meulen ferhuzet mei yngong fan it nije seizoen fan it Drachtster DZ&PC nei it Nasjonaal Swimynstitút Eindhoven fan technysk direkteur Jacco Verhaeren. De 21-jierrige Van der Meulen is sterk op de midden- en lange ôfstân. It ôfrûne wykein wûn hy noch sulver op de 800 en brûns op de 1500 meter frije slach by it iepen NK lange baan yn Eindhoven.
Yn Eindhoven komt Van der Meulen de toppers Pieter van den Hoogenband, Marleen Veldhuis en Inge Dekker tsjin.