Busstaking miskien foarby

© Omrop Fryslân
De kâns is grut dat der freed of sneon in ein komt oan de stakings yn it busferfier. Freed praat deputearre Adema mei steatssekretaris Tineke Huizinga om ta in oplossing te kommen.
Huizinga wol ekstra jild beskikber stelle om it konflikt tusken de wurknimmers en de ferfiersbedriuwen op te lossen. Mei dat jild krije de ferfiersbedriuwen mear romte om temjitte te kommen oan de easken fan de fakbûnen. Dy wolle ûnder oare 3 prosint mear lean foar de bussjauffeurs.