Cambuur: Jansen bliuwt mooglik

12 jun 2008 - 16:56
  • Rudy Jansen

Ferdigener Rudy_Jansen bliuwt takom jier mooglik aktyf foar SC Cambuur. De Ljouwerters binne ta in akkoart kaam mei Excelsior, de club dêr´t er op dit stuit ûnder kontrakt stiet. Cambuur moat der no noch mei Jansen sels útkommme, mar direkteur Alex_Pama ferwachtet de saak takom wike klear te hawwen.

Halil_Colak giet werom nei FC_Twente. De oanfaller wol besykje him dêr yn ´e basis te spyljen. Slagget dat net, dan soe er weromkomme kinne nei Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)