Solar Challenge live te sjen

De Solar Challenge Race live te sjen
De 2e edysje fan de Frisian Solar Challenge dy´t 23 juny begjint, kin live folge wurde op ynternet. Alle boaten krije in stjoerderke oan board. Sa binne de prestaasjes fan yndividuele dielnimmers te besjen. Boppedat kinne minsken harren selsmakke foto´s, filmkes en tekstberjochten ek nei frisiansolarchallenge.nl stjoere.
De sinneboatrace hat 49 dielnimmers fan 9 ferskillende nasjonaliteiten.