Ynternet-tv Froeks is los

Yn Ljouwert is hjoed de nije Fryske ynternetjongereinstjoerder Froeks TV offisjeel begûn. Froeks TV is in ynternetsite. Der binne filmkes te sjen dy´t makke wurde troch jongeren. Mar de stjoerder hat ek eigen ferslachjouwers op en paad. De stjoerder is opset mei stipe fan de provinsje. De site is oer de hiele wrâld te sjen, mar de ynhâld is dúdlik bedoeld foar Friezen.
Neist Froeks is der noch sa´n Fryske ynternetsite, nammentlik www.fynst.nl.