Boeren ha lêst fan de droechte

Jirpels hawwe lêst fan de droechte
Ierappelboeren yn it noarden fan Fryslân hawwe lêst fan de droechte. Omdat der de ôfrûne wiken net folle rein fallen is groeie de ierappels minder goed as oars. De ierappels lizze sa'n seis wike achter op skema. Oare gewaaksen hawwe minder lêst fan de droechte, dat komt omdat dy bereind wurde meie. Ierappels meie dat net, omdat der oars brúnrot yn komme kin.
Yn parten fan Grinslân hawwe bouboeren ek lêst fan de droechte.