Pinguins Aqua Zoo naaie út

11 jun 2008 - 21:40
  • De Humboldt pinguins fan Aqua Zoo

Fersoargers fan bistetún Aqua_Zoo by Ljouwert hawwe de hannen fol oan de saneamde Humboldtpinguins. De bistjes naaie wol_gauris út. Besikers kinne by de bisten yn it ferbliuw komme, mar sjogge by it fuortgean faak oer de holle dat de pinguins gewoan mei nei bûten kuierje. De fersoargers moatte dêrtroch ferskate kearen yn 'e wike op jacht om de pinguins werom te krijen.

Neffens de direksje is der neat oan te dwaan, mar is der ek gjin gefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)