Oranje paprika´s populêr

De oranje paprika´s dogge it goed
De goede prestaasjes fan it Nederlânsk alvetal op it EK fuotbal binne goed nijs foar kweker Hartman yn Seisbierrum. Dy hat de ôfrûne wike goed trije kear safolle oranje paprika´s ferkocht as oars. Hartman hat yn totaal sa´n 100 tûzen oranje paprika´s klearstean en hy ferwachtet dat se allegear ferkocht wurde, mocht Oranje de finale helje.
Is Oranje wol gau útskeakele, dan wurde de oranje paprika´s ferkocht oan Skandinavië.