Plan foar ekobedriuwepark

11 jun 2008 - 15:55

It bedriuw Ecostyle fan Appelskea wol in ekopark ûntwikkelje by Easterwâlde. Op dat park moat romte komme foar noch 10 oant 15 oare bedriuwen dy´t har dwaande hâlde mei duorsum bouwen en produsearjen Op termyn moat it ekopark sa´n 100 arbeidsplakken opsmite.

Ecostyle moat ferhúzje, omdat se yn Appelskea net útwreidzje kinne, wylst se de produksje ferdûbelje wolle. Ecostyle makket bestridingsmiddels tsjin ynsekten en ûnkrûd. Ecostyle wol oer uterlik 2,5 jier ferhúzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)