Ljouwert: starters mear helpe

11 jun 2008 - 15:47

De gemeente Ljouwert wol mear dwaan foar startende ûndernimmers yn 'e stêd. Wethâlder Marga_Waanders tinkt dat it stimulearjen fan it ûndernimmersskip en in goed startersklimaat essinsjeel foar de pleatslike ekonomy is.

Ljouwert wol minder ôfhinklik wurde fan bedriuwen dy't laat wurde troch grutte memmebedriuwen yn oare plakken. De gemeente hopet op mear begjinnende ûndernimmers dy't har rjochtsje op nije ûntwikkelings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)