EK:Ruud is Abe oan it ynheljen

ús Abe yn it shirt fan sc Hearrenfean
Fuotballer Abe_Lenstra kin op syn fyfde plak yn it klassemint fan topskoarders fan Oranje gau byhelle wurde troch Ruud_van_Nistelrooij. Op dit stuit stiet Lenstra mei Johan_Cruijff op dat fyfde plak, mei 33 goals yn it Nederlânsk alvetal.
Van_Nistelrooij stiet dêr flak ûnder mei 32 goals. As er wer skoart foar Oranje, dan kin er op gelikense hichte komme. Boppeoan yn it klassemint stiet noch altyd Patrick_Kluivert. Hy hat 40 goals foar Oranje makke.