Sjauffeurs lulk op gemeente

© Omrop Fryslân
Sjauffeurs fan taksybedriuw Oenema fan It Hearrenfean binne lulk op de gemeente Skarsterlân. It taksybedriuw docht al jierren it learlingeferfier yn de gemeente. Ek wurde learlingen nei gimmestyk brocht. Oenema driget dat ferfier kwyt te reitsjen omdat de gemeente it ta_hawwe wol oan Witteveen fan ´e Lemmer.
De sjauffeurs binne net bliid en besykje de polityk yn Skarsterlân op oare gedachten te bringen. Dat dogge se troch woansdei yn te sprekken.