Mear kontrôle op fytsedieverij

11 jun 2008 - 09:59
  • Kontrôle op de Weaze yn Ljouwert

De plysje yn Ljouwert kontrolearret de kommende tiid faker oft minsken op in stellen fyts ride. Plysjeminsken namen tiisdei fiif stellen fytsen yn beslach by in kontrôle op ´e Weaze yn Ljouwert. De kontrôle wie bedoeld om op te treden tsjin it fytsen op plakken dêr´t dat ferbean is.

Omdat der in tal stellen fytsen oantroffen waard, wol de plysje trochgean mei de kontrôles. Twa Ljouwerters waarden oanhâlden omdat se op in stellen fyts rieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)