Fertochten binne eigners boat

De eigner en de bestjoerder fan de speedboat dy't freedtenacht op in binnenfeartskip botste op it Prinses Margrietkanaal, bliuwe noch yn elts gefal in wike fêst sitten. De oare trije opfarrenden binne net langer fertochte. By de oanfarring kaam in 42-jierrige man út Jellum om it libben.
Alle opfarrenden waarden as fertochte oanmurken. In Ljouwerter fan 39 en ien fan 45 bliuwe fêstsitten. Se wurde fertocht fan deaslach.