Twa opfarrenden langer fêst

10 jun 2008 - 17:19

Trije fan de fiif opfarrenden fan de speedboat dy´t freedtenacht op in binnenfeartskip botste op it Prinses Margrietkanaal, binne net langer fertochte. By de oanfarring kaam in man (42) út Jellum om it libben. Alle opfarrenden waarden as fertochte oanmurken.

Twa man sitte noch fêst. It binne twa Ljouwerters, in man fan 39 en ien fan 45. Se wurde fertocht fan deaslach. Tiisdei binne se foarlaat oan 'e rjochter-kommissaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)