Ingelsen skilderje Fryslân

10 jun 2008 - 15:26
  • De hiele wike binne de skilders yn tou
  • De skippen wurde fêstlein op it doek

Seis maritime keunstners út Ingelân lûke dizze wike troch ús provinsje om skilderijen te meitsjen fan Fryske see-en havengesichten. Mei in Lemster aak bringe se in besite oan ferskate stedsjes by de Iselmar del. De skilders binne hjir op útnoeging fan galeryhâlder Wieger_van_Brug út Heech. Moandeitejûn die it selskip Starum oan.

De keunstwurken wurde begjin takom jier útstald yn it Skipfeartmuseum yn Snits. Dêrnei gean se yn ´e ferkeap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)