Toer 30 meter foar ûnderhâld

© Omrop Fryslân
De Nederlandse_Aardoliemaatschappij (NAM) docht de kommende moannen ûnderhâldswurk yn Mûntsjesyl. It giet om gewoan ûnderhâldswurk en in soad minsken fernimme de kommende moannen wol dat dêr wat bart. De NAM brûkt nammentlik in tritich meter hege toer om it wurk út te fieren.
Om de lokaasje hinne nimt de NAM maatregels om de gefolgen foar de omjouwing te beheinen.