Omrop komt mei narrowcasting

09 jun 2008 - 21:25

Omrop_Fryslân komt dizze wike mei it útstjoeren fan aparte programma´s foar op bygelyks de boat, yn ´e bus en yn ´e trein. Dy technyk wurdt ´narrowcasting´ neamd. Dat betsjut programma´s útstjoere op in spesjaal plak, foar in spesjale, faak lytse doelgroep.

Omrop_Fryslân docht earst in eksperimint op ´e boat nei Skylge. Mei Oerol is in spesjaal Oerolsjoernaal te sjen op skermen op ´e boat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)