Oranjegekte yn Fryslân

Der binne al fjouwer wedstriden spile, mar foar in soad minsken sette it EK yn Switserlân en Eastenryk moandei pas út ein. Dy jûn om 20.45 spile it Nederlânsk alvetal tsjin Itaalje. De oranjegekte is no echt op gong kaam.
De tillevyzjes fleagen de lêste dagen by de winkels de doar út. Guon strjitten binne oranje fersierd en ek bern op ´e basisskoallen binne der hielendal klear foar. .