Manlju speedboat wiene lestich

De manlju feroarsaken freed oerlêst
De manlju dy't yn de nacht fan freed op sneon mei in speedboat op in binnenfeartskip klapt binne, soargen freedtenacht al foar oerlêst yn de haven fan Langwar. Dat docht bliken út reaksjes fan minsken út it doarp.
Yn de nacht fan freed op sneon fear in speedboat mei hege snelheid op in skip. In 42-jierrige man út Jellum kaam dêrby om it libben. Twa fertochten út Ljouwert sitte fêst en wurde tiisdei foar de rjochter-kommissaris laad.