Koart pleit tsjin ferfierders

09 jun 2008 - 14:54

De provinsje spant in koart pleit oan tsjin ferfiersbedriuw Arriva en de fakbûnen. Mei reizgersferiening Rover en de provinsjes Grinslân en Drinte wol Fryslân dat de stakings yn it busferfier opheft wurde.

It koart pleit tsjinnet tiisdeitemiddei by de rjochtbank yn Grins. De provinsjes hoopje dat nei de rappe rjochtsaak wer bussen ride sille yn ´e spits. De stakings fan no beneidielje benammen skoalbern en âlderein, fine de provinsjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)