Gemeente keapet dochs in Popma

It skilderij dêr´t argewaasje om is
De gemeente Skarsterlân set yn op wurk fan keunstners út de eigen gemeente en op lânskipskeunst. Twa wiken lyn ûntstie argewaasje omdat wethâlder Hylkema tsjin de oankeap fan it skilderij Oan ´e ein fan de Slachtedyk fan keunstner Popma stimd hie. Hylkema fynt dat de gemeente earst wurk ferkeapje moat omt yn ´e kelder fan de gemeente in soad wurk opslein stiet.
De oare wethâlders wiene wol foar oankeap fan it stik en sa waard moandeitemoarn it stik oanbean.