Betingsten subsyzdzje oanpasse

© Omrop Fryslân
De steatefraksjes fan VVD en FNP wolle de betingsten foar de provinsjale subsydzje foar it nije teater yn Snits oanpasse. Dermei wolle se de ympasse oer de provinsjale bydrage fan 2 miljoen trochbrekke.
At it plan foar in nij Kultureel Kwartier yn Snits fierder finansjeel rûn is en der komme substansjeel mear minsken nei de stêd ta, dan moat de provinsjale bydrage der komme, aldus de VVD en FNP.