Twa opfarrenden noch fêst

09 jun 2008 - 12:41
  • Opfarrenden binne fertochten

Twa Ljouwerters sitte noch fêst nei it ûngelok op it Prinses_Margrietkanaal. Yn ´e nacht fan freed op sneon fear dêr in speedboat mei hege snelheid op in binnenfeartskip. In man (42) út Jellum sloech dêrby oerboard. Syn stoflik omskot waard snein fûn.

Ien fan de fertochten, in man út Wergea is wer frij. De plysje ûndersiket hokker rol alle belutsenen hân hawwe by it ûngelok. Ek de twa manlju dy´t noch yn it sikehûs lizze, binne fertochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)