Tsjûgen fandalisme Snits socht

© Omrop Fryslân
De plysje yn Snits siket tsjûgen fan in grut tal fernielings yn ´e nacht fan sneon 31 maaie op snein 1 juny. Op it Snitser yndustryterrein oan ´e Houkesleat en yn it sintrum fan ´e stêd waarden tsientallen ruten yngoaid, bushokjes fernield, rekken auto´s skanskearre en by in boumerk waarden trije houten blokhutten fernield.
De plysje fertinkt fjouwer fytsers fan ´e fernielings. Se kamen dy nacht mooglik fan in feest yn Toppenhuzen.