Lichem út PM-kanaal helle

08 jun 2008 - 14:23
  • Freedtenacht waard al socht om de man

It lichem fan de man (42) út Jellum dy't sûnt sneon fermist wie op it Prinses Magriet kanaal by Grou is fûn. It team fan de plysje dat oan it drêgjen wie tusken Grou en Warten hat it lichem sneintemiddei út it wetter helle. It slachtoffer wie freedtenacht yn it wetter rekke nei in ûngelok.

In speedboat klapte doe op in binnenfeartskip. Alle 6 opfarrenden rekken te wetter. Fiif fan harren rekken derby ferwûne, mar koene sels wer oan de kant komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)