Helmholt wint ljepperij Winsum

08 jun 2008 - 13:27

Bart Helmholt fan Hurdegaryp hat sneontejûn yn Winsum mei in sprong fan 19,59 meter it fierljeppen wûn. Troch dizze sprong, de fierste fan it seizoen, pakt er ek de liederstrui oer fan Henk Schievink. Dy miste yn Winsum de finale op twa sintimeter.

By de junioaren A wûn Jan Cornelis van Maassen fan Gerkeskleaster mei 17,53 meter. Hans Ulco de Boer fan Jutryp wûn by de jonges mei in sprong fan 17,12 meter. Anna Jet Leyenaar fan Snits wûn it by de froulju mei 14,30 m.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)