Snitser slaat rút yn

© Omrop Fryslân
In Snitser (57) is sneontejûn oanhâlden foar fernielerij en it riden mei drank op. De man hie earder op de jûn in rút ynslein fan it doar oan de Eeltsje Halbertsmastrjitty yn de stêd.
Hy rûn dêrby in bebloede hân op. Nei de fernielerij wie er yn de auto stapt en fuortriden. De plysje trof de man letter yn syn eigen wente oan. Hy woe earst net meikomme en it koste de plysje aardich wat muoite om him yn de boeien te slaan. Op it plysjeburo die bliken dat er flink dronken hie.