Man ferwûne by ûngelok A6

© Omrop Fryslân
By in ûngelok op de A6 by Eastersee is sneontejûn om seis oere hinne in man slim ferwûne rekke. It slachtoffer ried oer de grutte dyk doe't er troch noch ûnbekende oarsaak syn auto net mear ûnder kontrôle hie. De man klapte mei syn auto boppe op de fangrail.
De brânwacht moast de man út syn auto helje. Hy waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De rjochter rydbaan rjochting De Lemmer waard tydlik ôfsetten.