Marcel Beima sterk yn Spanje

07 jun 2008 - 21:18

Marcel Beima is yn it einklassemint fan de Volta a Lleida 13e wurden. De ynwenner fan Hurdegaryp einige yn de sechsde en lêste etappe fan dizze Spaanske rittekoers op it 15e plak yn it peloton. Dat peloton hie in achterstân fan 35 sekonden op de Argentynske winner Federico Pagani.

Marcel Beima wûn de tredde etappe en mei syn Rabobankploech ek de ploegetiidrit. Boppedat wûn ploechmaat Lars Boom, ek winner fan Olympia's Tour, it einklassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)