Mear jild foar dongfergisters

07 jun 2008 - 14:40

De subsydzjeregeling foar boeren mei in dongfergister moat ferromme wurde. Dat hat de rjochtbank sein. Op it stuit kin in boer mar subsydzje krije foar de stroom dy't yn de earste 7000 oeren fan it jier makke wurdt. In flinke strop foar de boeren om't se der by de ynvestearring fanút gien binne dat se oeral subsydzje foar krije koene. En der hat de rjochter se no gelyk ynjûn.

De ekstra subsydzje kostet de oerheid nei alle gedachten inkele miljoenen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)