Man fermist nei oanfarring

07 jun 2008 - 08:16
  • Ien opfarrende wurdt noch fermist

Op it PM-kanaal tusken Grou en Warten wurdt in opfarrende fan in speedboat fermist. De man, in 42-jierrige ynwenner fan Jellum, is yn de nacht fan freed op sneon mei fiif oaren te wetter rekke neidat harren speedboat yn oanfarring kaam wie mei in binnenfeartskip.

De fiif binne ferwûne rekke en oerbrocht nei it sikehûs. De hiele nacht is socht nei it slachtoffer. De wetterplysje giet dêr sneontemoarn mei fierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)