Bou Bonifatiuspark begûn

06 jun 2008 - 20:03

De bou fan de earste huzen op it terrein fan it eardere Bonifatiussikehûs yn Ljouwert is freed offisjeel út ein set. It giet om 21 saneamde parkfilla's en 36 terpwenten. Letter moatte der nochris in goeie 200 wenten en apparteminten bykomme.

Der is in soad belangstelling foar de nijbouwenten, omdat se deun by it sintrum fan de stêd steane. De earste wenten moatte yn april 2009 klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)