Heite toernoai mei Van Wely

Van Wely komt wer nei Wolvegea
Topskaker Loek van Wely sil yn novimber dit jier op'e nij meidwaan oan it Remco Heite Skaaktoernoai yn Wolvegea. Van Wely wie de winner fan de earste edysje yn 2006. Neist de mearfâldich Nederlânsk kampioen binne der noch twa Nederlânske topspilers útnoege: Sergei Tiviakov en Erik van den Doel. Fierder Artur Yusupov út Dútslân, de Noar Simen Agdestein en Bartlomiej Macieja út Poalen. It toernoai sil fan 28 oan't 30 novimber hâlden wurde.