Bern rinne de Slachte

06 jun 2008 - 14:13
  • Kuierders ûnderweis yn 2004

Fjirtich bern fan basisskoalle Op 'e Hichte fan Skearnegoutum rinne op eigen inisjatyf de Slachtemaraton, yn twa etappes. Sneon dogge se it earste stik, fan Easterbierrum nei Wommels.

Nije wike sneon, op de dei fan de Slachte sels, rinne se diel twa, fan Wommels nei Raerd. De bern út de groepen sân en acht, binne al moannen oan it oefenjen. De organisaasje fan de Slachtemaraton is entûsjast oer it inisjatyf fan de bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)