Twadde winst Marcel Beima

Twadde winst foar Marcel Beima
Marcel Beima hat freed syn twadde oerwinning helle yn de Volta a Lleida. De hurdfytser fan Hurdegaryp wûn mei syn Rabobankploech de ploegetiidrit. Mei Beima diene Lars Boom, Joeri Adams en Tejay van Garderen oer de 20 kilometer 27 minuten. In Italjaanske ploech die der krapoan ien minút langer oer.
Yn it klassemint is Marcel Beima 13e op 2.54 fan de nije lieder Carlos Andre Ibanez út Kolombia. Lars Boom is de nûmer twa op 11 tellen.