'Staking makket Arriva kapot'

Stakende bussjauffeurs meitsje ferfiersbedriuw Arriva kapot. Dat sei finansjeel direkteur Anne Hettinga fan Arriva freed by in aksjebyienkomst op de sechsde stakingsdei. De staking kostet it bedriuw oant no ta al fjirtjin miljoen euro.
Allinnich al om dy reden soe it personiel neffens Hettinga wer oan it wurk moatte, mar dat personiel is dat foarearst net fan doel. In tredde leanbod waard ôfrûne wike troch de fakbûnen ôfwiisd.