Nije koers foar Caparis

Caparis moat reorganisearje.
Caparis, it bedriuw foar sosjale wurkfoarsjenning, moat binnen fiif jier folslein reorganisearre wêze. It bedriuw moat dan feroare wêze fan in organisaasje dy't minsken oanbiedt oan gemeenten nei ien dy't sels it wurk opsiket.
Dat hat de direksje yn oerlis mei de 8 oansletten gemeenten besletten. Op dizze wize moat it fetrouwen yn Caparis weromkomme. Dat fertrouwen wie fuort neidat Caparis bekend makke dat it in tekoart hie fan 5 miljoen euro.