Inia yn útferkocht stadion

Inia bliid mei Eastenryk-Kroaasje
Assistint-skiedsrjochter Adriaan Inia fan Gytsjerk is bliid mei syn oanstelling foar de wedstriid Eastenryk-Kroaasje. It gastlân Eastenryk spilet yn Wenen yn in útferkocht Ernst Happel Stadion mei 56.000 taskôgers.
Inia sil lieding jaan oan de wedstriid mei assistint-skiedsrjochter Ten Hoove en skiedsrjchter Pieter Vink. By Kroaasje spilet Hearrenfean spiler Danijel Pranjic.