Ljouwert: gjin alkohol oan 16-

05 jun 2008 - 21:07

Wa't no noch drank skinkt oan jongerein ûnder de 16 jier yn Ljouwert rint in folle gruttere kâns as oars op in boete. De gemeente hat twa kontroleurs oansteld dy't allinnich kontrôles útfiere yn gelegenheden dêr't drank skonken wurdt. Ien fan de twa kontroleurs hat al aardich wat warskôgings útdield en twa boetes.

De gemeente ûndersiket alternative straffen dêr't ek de âlders fan drinkende jongerein ûnder de 16 by belutsen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)