Boeren wolle flink útwreidzje

05 jun 2008 - 17:57

De boeren yn Noardwest Fryslân wolle de kommende tsien jier harren bedriuw flink útwreidzje. Dat wurdt dúdlik út in lânbou-enkête yn dat gebiet.

Neist de winsk om te groeien kaam ek út de enkête dat mear as de helte fan de boeren problemen hat mei de wetterhúshâlding. De enkête is útfierd troch de stjoergroep, dêr't ûnder oare doarpen, gemeenten en it wetterskip yn sitte. Se hoopje ein dit jier mei in plan te kommen mei knipepunten en de fierdere ûntwikkeling fan it gebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)