Enkête: Waadeilannen autofrij

05 jun 2008 - 15:18

Yn totaal 75 prosint fan de fakânsjegongers wol dat alle Waadeilannen autofrij wurde fan toeristeferkear. Dat docht bliken út in enkête fan de krante Over 't Wad en de website www.overtwad.nl.

Ien op de fjouwer toeristen fynt dat it noch wol mooglik wêze moat om as fakânsjegonger de auto mei te nimmen nei ien fan de Waadeilannen. Oan de enkête diene 600 minsken mei, sa meldt Over 't Wad.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)