EVT hat rjocht op oanlisplak

EVT hat rjocht op in oanlisplak
De Eigen_Veerdienst_Terschelling, de EVT, hat rjocht op in fatsoenlik oanlisplak yn de haven fan West-Skylge. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert tongersdei beslist.
De nije feartsjinst fan Skylger ûndernimmers wol konkurrearje mei de besteande feartsjinst fan rederij Doeksen. De EVT hat al in skip kocht en de gemeente om in oanlisfergunning frege op in goed berikber plak. De gemeente hat dy lykwols wegere.