Rekwiem fiskersramp útferkocht

05 jun 2008 - 14:23

It rekwiem oer de fiskersramp by Peazens-Moddergat is folslein útferkocht. It stik wurdt takom wike tongersdei, freed en sneon opfierd, achter de seedyk by Peazens-Moddergat. Sopraan Miranda_van_Kralingen wurket oan de foarstelling mei.

It is dit jier 125 jier ferlyn dat der 83 fiskers út it doarp omkamen yn swiere stoarm. Dy ramp stiet sintraal yn it rekwiem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)