QBuzz skok Arrivapersoaniel

Sjauffeurs kinne wol mei oer nei QBuzz
De oanbesteging fan it busferfier yn Súdeast-Fryslân is in behoarlike skok foar it personiel fan Arriva. It ferfier yn de streek wurdt de kommende acht jier nei alle gedachten troch it nije bedriuw QBuzz dien.
Dat bedriuw is sa nij dat it noch gjin sjauffeurs en gjin bussen hat. Sjauffeurs fan Arriva kinne wol mei oer nei QBuzz, mar foar kantoarpersoniel is de situaasje ûnwis.