Viando yn finansjele problemen

05 jun 2008 - 12:07
  • Viando yn finansjele problemen.
  • It bedriuw is dizze wike ticht.

Viando yn Feanwâlden, in bedriuw foar hûne- en kattefreten, hat finansjele problemen. Dat lit it fakbûn CNV witte. It bedriuw is dizze wike ticht en sa´n 60 meiwurkers sitte thús.

Viando wol sels neat sizze oer de situaasje. Nei alle gedachten binne de grûnstofprizen te heech, wêrtroch´t it bedriuw te min omset draait. Sneintejûn wurdt wol wer fan start gien mei de produksje. De meiwurkers krije freedtemiddei útlis oer de stân fan saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)