NOM warskôget foar twadieling

05 jun 2008 - 11:58

Der driget twadieling op de arbeidsmerk yn it Noarden. Dêr warskôget de NOM, de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij, foar.

Oan de iene kant is der in tekoart oan personiel mei in hegere oplieding. Oan de oare kant is der in oerskot oan minsken mei in minder hege oplieding op de arbeidsmerk. Dat komt foaral omdat in oantal grutte produksjebedriuwen de lêste tiid in soad minsken ûntslein ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)