Húslik geweld heechst op eilân

Fier Fryslân
Húslik geweld komt yn Fryslân it meast foar op de Waadeilannen. Dat stiet yn it jierferslach fan Fier_Fryslân. Yn de provinsje wie ferline jier ien op de tsien Friezen slachtoffer fan relaasjegeweld.
Op de eilannen lei dat sifer folle heger. Minsken yn sa´n sletten mienskip losse neffens Fier Fryslân harren problemen sels op en dêr komt wol ris geweld oan te pas. It tal meldings fan húslik geweld yn Fryslân nimt de lêste jierren ta.