Fleispanne oanbrând Talmastate

© 112swf.nl, Rudy Bouma
Yn fersoargingshûs Talmastate yn Heech is om it middeisoere hinne alarm slein omdat in pantsje mei fleis sa oanbaarnde dat der in soad reek by frijkaam. In bewenner wie yn syn eigen appartemint oan it itensieden.
De bewenner moast syn hûs út, mar neffens in meiwurker fan it hûs hoegde fierder net ien it appartemint út. Net ien rekke ferwûne.