Bêste dei Frysk hurdfytsen

04 jun 2008 - 23:56

Woansdei kin byskreaun wurde as in poerbêste dei foar it Fryske hurdfytsen. Marcel_Beima fan Hurdegaryp wûn de tredde etappe fan in rittekoers yn Spanje. Boppedat hat er de liederstrui om de skouders.

Lieuwe_Westra fan Mûnein wie de bêste yn de Parel_van_de_Veluwe. Westra, it hiele seizoen al sterk, wûn nei 175 kilometer de sprint fan in kopgroep fan njoggen man. René_Hooghiemster fan Oentsjerk wie de tredde winnende Fries. Hy wie de sterkste op ´e Sweach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)